VRAGEN? BEL 0511 44 26 38
Gezellige bedrijfsfeesten en groepsuitjes Centraal gelegen en goed bereikbaar Zeer uitgebreide keuken

Toneelstuk Taal op it Spoar

Stap op de Cees Bijlstra trein mei Leny Dijkstra en Hiske Oosterwijk foar de reis fan jo libben.

In (to)taal teater programma fol ferdivedaasje mei djipgong en prachtige muzyk fan Cees Bijlstra. Cees Bijlstra is ien fan de bêste, sa net dé bêste komponist fan Fryslân. Spitichgenôch te betiid ferstoarn. Mei Leo Dijkstra makke hy jierrenlang in grut tal lieten. Leo de teksten, Cees de muzyk en Leny Dijkstra wie har mienskiplike muze en performer yn teater en op radio en telefysje. Mei dit rike ferline yn har koffer nimt Leny ús mei nei in lokaasje oan it spoar.

Tegearre mei it oanstoarmjend sjongtalint Hiske Oosterwijk en harren begelieders Addy Scheele en Anke Piersma.De reis begjint op it stasjon fan Ljouwert. En foardat we op ‘e trein stappe kinne we op it perron al genietsje fan de keunsten fan singer-songwriters dy’t mei in eigen makke liet mei tingje nei de ‘Cees Bijlstra Award’, beskikber stelt troch Omrop Fryslân. De winner wurdt mei bepaald troch jo as publyk.

Dan stappe we op ‘e Cees Bijlstra trein fan Arriva. Ûnderweis komme Leny, Hiske, Addy en Anke al ferrassend út ‘e hoeke. En dan moat it feest noch begjinne. Oankommen by ús lokaasje oan it spoar giet de reis fierder. Leny moetet Hiske. Hiske ‘travels light’ mei inkeld in rêchpûdsje en fansels har ûnmisbre I-phone. De treinreis blykt al gau in metafoar te wêzen foar ús reis troch it libben.

In quatro statione fol fariaasje, in quatre saisons fol prachtige muzyk, in ‘De tiid hâldt gjin skoft’ fol fleur en ek fertriet. Wêrt de reis hinne giet? Stap op en jo sille it belibje. Yn alle fasetten, kleuren, klanken en talen.

Benammen de taal fan it hert!

Zaterdag 19 mei 2018van 20:15 uur tot 22:10 uur
Zondag 20 mei 2018van 15:00 uur tot 17:40 uur
Maandag 21 mei 2018van 15:00 uur tot 17:40 uur
Kaartverkoop: Tickets

 

Lijkt het u leuk om van tevoren of na de tijd gezellig een hapje te eten? Dat kan! U kunt voor € 19,50 per persoon gebruik maken van ons buffet Hollands Wokken exclusief drankjes. Deze actie is op basis van reservering.

Deel dit uitje