VRAGEN? BEL 0511 44 26 38
Buffetrestaurant elk weekend open Feestje vieren? Reserveer je eigen zaalruimte bij ons! Thuis een buffet nodig? Bel ons!

Toniel ferieniging “Noflik Tegearre”

Wy sille spylje: Wat in skrik! fan Henk Sloots.

Dit is in klucht yn twa bedriuwen en soarget foar hiel wat argewaasje.

Yn it koart efkes wer it om giet:
Berend-Benny foar freonen-Faber is al hast fiifentweintich jier troud mei Sippy. Mar ek oare froulju ha altyd al op syn belangstelling rekkenje kinnen. Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter,Maaike, dêr’t er neat fan ôf wit. Dy is no nei har heit op syk gien, mei help fan it TV-programma Spoorloos. Se ha, sûnder dat Berend der erch yn hat,regele dat Maaike in keamer hiert by Sippy,dy’t by harren oan hûs in Bêd en Brochje hat.
As Berend in brief kriget fan Spoorloos, dêr’t ynstiet dat in frou him nei al dy jierren moetsje wol, brekt de panyk ut, want Sippy mei dêr  ût noch yn neat fan witte. Mei help fan Sjoerd syn freon en kollega besiket er te rêden wat der te rêden falt. Hy wurket him lykwols hieltyd fierder yn de nêsten. Sil er him der noch ut rêde? Dat spant derom. Wês mar bliid dat jim net yn syn skuon stean

Deel dit uitje